Rappe riders yn Rotsterhaule

01 maaie 2014 - 14:43

Op de provinsjale dyk N924 yn Súdwest-Fryslân hat de plysje snelheidskontrôles hâlden. De kontrôles wienen by Rotsterhaule, Sint Jânsgea en Dolsterhuzen. De plysje hat 97 boetes útdield. De heechste snelheid waard metten op de Hegedyk yn Sint Jânsgea, dêr waard 121 riden dêr't 80 km tastien is. De kontrôles waarden dien, omdat omwennenden klage hiene oer de hege snelheid fan it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)