Erfenis pakt faker negatyf út

Erfenissen pakke hieltyd faker negatyf út. Troch de ekonomyske krisis en lege huzeprizen litte hieltyd mear minsken grutte skulden nei. Faak wegerje de erfgenamten sa'n negative erfenis. Mar dan begjint de ellinde faak pas.
Anna de Vries, notaris yn Oerterp en foarsitter fan de Nederlande Branche Vereniging Notariaat, fynt de erfbelesting fierstente heech en ûnearlik. Sy advisearret minsken om goed te sjen nei in erfenis en professjonele help yn te skeakeljen by de ôfwikkeling dêrfan.