Van der Sleen nei NAC Breda
De keeperstrainer fan SC Hearrenfean, Albert van der Sleen, giet takom seizoen nei NAC Breda. Van der Sleen hat dêr in kontrakt fan twa jier tekene. Hy wurdt de assistint fan haadtrainer Nebojsa Gudelj. Van der Sleen wurdt by NAC ek ferantwurdlik foar de keeperstraining.