Sander v.d. Streek nei Cambuur

Sander van de Streek spilet it kommende seizoen by SC Cambuur
De 21-jierrige Sander van de Streek fan Vitesse spilet takom seizoen foar Cambuur. Van de Streek is tranferfrij en hat in hantekening setten ûnder in kontrakt foar twa jier yn Ljouwert.
Sander van de Streek spilet sûnt 2011 by Vitesse. Yn dy tiid hat hy op hierbasis ek in jier foar FC Flora Tallinn yn Estlân spile. Hy make dêr 9 doelpunten yn 37 wedstriden.