Heger berop yn saak Henk Eker

It Iepenbier Ministearje giet yn heger berop yn de saak fan Henk Eker yn Easterwâlde. De rjochtbank hat de twa fertochten fan 28 en 33 jier út Amsterdam twa wike lyn frijsprutsen.
Neffens de rjochtbank wie net dúdlik wa't Eker (51) ferline jier jannewaris deasketten hat. Der wie 10 en 12 jier selstraf easke tsjin it duo. It Iepenbier Ministearje wie nei de rjochtsaak bot teloarsteld yn de útspraak fan de rjochter.