Tunnel Wurdum/Wytgaard iepen

01 maaie 2014 - 11:03

Fytsers en kuierders kinne sûnt woansdei gebrûk meitsje fan de nije rûte tusken Wurdum en Wytgaard. De lêste wiken is drok wurke oan it ôfmeitsjen fan de nije ferbining ûnder it spoar en de rykswei N32 troch. Der binne oanslutings makke mei de besteande fytspaden by de Legedyk en de Oenemadyk lâns. Op beide plakken binne oerstekplakken makke, sadat der feilich oerstutsen wurde kin.

De tunnel is ûnderdiel fan de Heak om Ljouwert, dy't de A31 by Marsum ferbynt mei de N31 by Himriksein. It wurk moat ein 2014 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)