Doekle Terpstra yn de technyk

Doekle Terpstra © ANP
Doekle Terpstra wurdt oanjager fan it saneamde Techniekpact. Dit is in gearwurking tusken ûnderwiis, bedriuwslibben en de oerheid. De partijen wolle hjirmei it tekoart oan technysk personiel werombringe. Neffens it ministearje fan Ekonomyske Saken binne der op termyn 30.000 ekstra technisy nedich.
Doekle Terpstra is âld-foarsitter fan de KNSB en topman by hegeskoalle InHolland. Dêr hâldt hy yn de rin fan dit jier mei op.