Beleanning foar tip oer brân

01 maaie 2014 - 10:37

Der wurdt in beleanning útrikt foar de gouden tip dy't liedt ta de oplossing fan de brân op Mounehouk 7 yn Garyp. Op woansdei 1 jannewaris 2014, om 06.30 oere hinne, waard der brân ûntdutsen yn in leechsteande pleats op dit adres.

Biesboer Ekspertise B.V. hat ûndersyk dien nei de oarsaak fan 'e brân en hat hjirby konstatearre dat der sprake west hat fan brânstichting. Foar oanwizings dy't liede ta opheldering fan de saak en of oanhâlding fan de dieder(s), kinne minsken rekkenje op in moaie beleanning.

Trefwurden: 
brân Garyp tip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)