Dea Thea Oosting gjin misdriuw

De plysje hat gjin oanwizings dat Thea Oosting út Ravenswâld troch in misdriuw om it libben kommen is. De 52-jierrige Oosting waard op 25 febrewaris dea yn de greide by har wenplak fûn, nei't se al in wike fermist wie. Se hie dy jûns yn in kafee yn Appelskea west. Ut it ûndersyk is gjin dúdlikheid kommen oer de deadsoarsaak, de frou is net ferdronken mar wat der wol bard is, is ûnbekend.
In Team Grootschalig Onderzoek mei 40 man hat oant dizze wike mei it ûndersyk dwaande west, woansdei is de famylje op 'e hichte brocht.