Omtinken foar nachtwurkers

01 maaie 2014 - 08:51
  • Website Jongbloed

It is tongersdei 1 maaie en dus de dei fan de arbeid. Mar yn de nacht fan woansdei op tongersdei wie it ek al nacht fan de arbeid. Dêrby wie der ekstra omtinken foar minsken dy't nachts wurkje en wat dêr allegear by komt te sjen.

In lanlik konsultansy buro hat sels in ferkiezing holden foar nachtwurkjouwer fan it jier. Dy eare gie nei it Universitêr sikehûs yn Grins. Mar ek yn Fryslân wurdt der fansels folop wurke yn de nachtoeren. Sa wurdt ûnder oaren by Talant en Utjouwerij Jongbloed dei en nacht wurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)