Fergiftige troch koalmonokside

Fiif minsken út Bakkefean binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei nei it sikehûs brocht, omdat se fergiftige wiene troch koalmonokside. De minsken, twa folwoeksenen en trije bern, wiene allegear yn in hûs oan de Boskkamp en fielden har net goed. Sy bellen it alarmnûmer.
De brânwacht kaam der nei mjittings achter dat der sprake wie fan in fergiftiging troch koalmonokside. De brânwacht hat dêrnei ek mjittings dien yn huzen yn de buert, mar dêr is neat fûn. Wêr't de koalmonokside weikaam, is net bekend. Wol siet de piip nei de CV wat los.