Westra ferliest soad tiid

Lieuwe Westra yn de kleuren fan Astana © EPA
Hurdfytser Lieuwe Westra hat in minne twadde dei hân yn de Ronde fan Romandië. Westra ferlear yn de etappe fan woansdei seis minuten op de Switserske winner Michael Albasini. Hy hie te bot lêst fan in knibbelblessuere om foaryn mei te dwaan. Op twitter skriuwt er dat er noch net tinkt oan opjaan. Hy wol syn teamgenoaten fan Astana sa folle mooglik helpe.