Fernielerij útkykpunt akwadukt

30 apr 2014 - 16:39
  • Utkykpunt bou akwadukt Drachtsterwei

De bou fan it nije akwadukt yn de Drachtsterwei yn Ljouwert is bûten wurkdagen en wurktiden net mear te besjen fan in útkykpunt ôf. Oan de súdkant fan de stêd wurdt drok wurke om dat akwadukt te meitsjen en dat lûkt in soad taskôgers. Dêrfoar is ûnder de Drachtsterbrêge in spesjaal plak makke kompleet mei houten bankjes. Mar dy binne no sa faak fernield en yn de brân stutsen dat bouwer Heijmans syn nocht hat en alles bûten wurkdagen ôfslút. Oerdeis is der tafersjoch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)