'Wynmûne net op fleanrûte F16'

30 apr 2014 - 16:25
  • Wynturbinepark op see

Plannen foar wynmûneparken op de Noardsee boppe de Waadeilannen meie gjin gefolgen hawwe foar de fleanbasis Ljouwert. Dat seit deputearre Konst. De basis moat fia de Noard- en Waadsee goed berikber bliuwe foar strieljagers. Konst krijt stipe foar syn stânpunt fan definsjeminister Hennis. Dy wol de besteande fleangebieten ek net oanpasse foar wynparken. De diskusje oer enerzjyopwekking en de definsjebelangen moatte noch binnen it kabinet fierd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)