Dykgraaf: 'krityk ûnterjochte'

De Noarder- en Suderhavenpieren yn Harns binne in essinsjeel ûnderdiel fan it wetterbeskermingsplan dat foar de Fryske havenstêd makke is. Dat seit dykgraaf Paul van Erkelens nei oanlieding fan krityk fan de FNP-steatefraksje. It Wetterskip Fryslân nimt de havenpieren fan de gemeente Harns oer en krijt 1,2 miljoen euro mei foar it ûnderhâld. Neffens de FNP is dat bedrach te leech en is it oernimmen en ûnderhâld fan havenpieren gjin taak fan it Wetterskip. Van Erkelens sprekt dit tsjin en seit dat dit op oare plakken yn Fryslân ek alris dien is.