Fytser komt om yn Jistrum

30 apr 2014 - 08:53
  • Ambulânse

In 77-jierrige fytser út Ljouwert is tiisdei omkommen by in ûngelok op de Ryksstrjitwei yn Jistrum. De man rekke oan de ein fan de middei ferwûne by in oanriding mei in auto. Neffens tsjûgen fytste de man oer it Wyldpaad yn de rjochting fan Jistrum en woe de Ryksstrjitwei oerstekke.

De bestjoerder fan de auto hat noch besocht de man te ûntwiken, mar koe in oanriding net foarkomme. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs, mar is jûns oan syn ferwûnings stoarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)