Aventoer Burgum noch net klear

30 apr 2014 - 06:34
  • Burgum krijt in klimpark
  • Burgum krijt in klimpark
  • De bowlingbaan yn it aktiviteitepark.
  • Klimpark Burgum

De iepening fan in- en outdoorpark Aventoer yn Burgum lit noch efkes op him wachtsje. Tongersdei 1 maaie soe it park offisjeel iepengean, mar dat slagge net. Op dit stuit wurdt der noch drok wurke oan it klimpark en ek binnen is alles noch net klear. Bûten sjocht it der wol spektakulêr út mei grutte houten peallen.

In groep Dútske wurknimmers wurket op dit stuit sân dagen yn de wike fan moarns betiid oant jûns let. Aventoer jout njonken it klimpark aanst romte oan tal fan aktiviteiten lykas lasergames, bowlingbanen en in 7D-bioskoop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)