'Alde gevel Oranjewâld fuort'

29 apr 2014 - 21:13

De fertutearze gevel fan de âlde pleats Meerzigt yn Oranjewâld wurdt nei jierren einliks fuorthelle. Dat seit pleatslik belang. De âlde gevel stiet al tsientallen jierren midden yn it doarp. De gedachte wie dat dizze gevel mooglik in monumintale status krije koe, mar dat is nea bard.

De ôfrûne jierren hawwe ferskate kearen nijbouplannen west foar it gebiet rûn de gevel, mar dêr is neat fan op 'e hispel kaam. No't der in nij plan leit om it gebiet te ûntwikkeljen, liket it der op dat de gevel lang om let dochs fuorthelle wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)