Grut alarm om reekplom boat
De brânwacht is tiisdeitejûn mei man en macht útrukt nei rederij Doeksen yn Harns. Dêr wie in brânmelding dien. De brânwacht koe neat fine.
Se gean der fanút dat de melder de reekplom fan de fearboat sjoen hat en tocht dat der brân wie. De promenade is nei ûndersyk wer frijjûn.