SWF: rioel net wetterôfhinklik

De hichte fan de rioelheffing yn Súdwest-Fryslân moat perfoarst net ôfhinklik wurde fan it wetterferbrûk op in adres. Dat fynt it kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn de gemeente.
Dy hat op oantrún fan de gemeenteried útsocht oft dit kin. Sy binne skrokken fan wat dêr út kaam: De measte weneigeners, hierders en bedriuwen binne mear jild kwyt. Dat hat benammen te krijen mei it reinwetter, dat ek fia it rioel ôffierd wurdt.