Nij kolleezje yn Smellingerlân

29 apr 2014 - 18:55

It nije kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân is fan doel om de kommende fjouwer jier ûnder oaren 3,5 miljoen euro te besparjen, de berikberheid fan Drachten te ferbetterjen, in referindum yn te stellen en foar de sosjale minima te soargjen. Dat die bliken by de presintaasje fan de nije wethâlders tiisdei yn Drachten.

Wethâlder Jos van der Horst is de earste SP wethâlder van Fryslân. De oare wethâlders binne Nieske Ketelaar (PvdA), Marja Krans (CU) en Ron van der Leck (D66).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)