Run op auto's út it bûtenlân
Der is grutte fraach nei jonge twaddehânsk auto's út it bûtenlân. Dit jier is der al in groei fan 25%. Omdat de ferkeap fan nije auto's troch de krisis ôfnaam is, binne der hast al temin goede twaddehânsk auto's te krijen. Fryske autobedriuwen fernimme de grutte belangstelling ek.