Seldsume ljippeblom yn Fryslân

29 apr 2014 - 12:51

Yn de Grutte Wielen tusken Ljouwert en Gytsjerk is in hiele seldsume blom fûn. It giet om de ljippeblom dy't yn grutte parten fan Nederlân al net mear foarkomt. By behearder it Fryske Gea wit men it al wat langer dat de ljippeblom yn de Grutte Wielen foarkomt, mar dit fynplak is noch net earder breed bekend makke.

De blom heart thús op bûtlân dat geregeld ûnder wetter stiet. It sied ferspriedt him ek allinnich as it lân ûnder wetter stiet en de plant hat ek in hege wetterstân nedich.

Trefwurden: 
it Fryske Gea ljippeblom
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)