Blog: Lânmacht wichtige partner foar Special Olympics

29 apr 2014 - 12:26

De lânmacht bout it Olympysk doarp yn juny en soarget derfoar dat alle dielnimmers en begelieders in sliepplak hawwe yn it wykein fan 13, 14 en 15 juny. Dernjonken soarget de lânmacht ek noch foar in soart oare saken. Sa bouwe se op it Starteilân yn de Snitsermar ek it paviljoen foar de sylwedstriden.

De lânmacht bestiet 200 jier. Derom set de organisaasje har dit jier ekstra yn foar de mienskip. Op dit stuit binne Bouke Eekma en Kasper Dijkstra alle dagen yn tou foar it evenemint. En se ha der sin oan, sa fertelle se oan Geert van Tuinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)