Soarch werom yn de doarpen

29 apr 2014 - 12:14

Troch besunigings yn de soarch komme hieltyd mear fersoargingshuzen leech te stean, mar de Idesta Soarchgroep fan Stiens wol de soarch werombringe yn de doarpen. Idesta is dêr spesjaal foar oprjochte en begjint meikoarten mei saneamde Doarpshiemen yn bygelyks Stiens, Holwert, Hallum en Aldeberkeap.

In Doarpshiem is in appartemintekompleks dêr't 24 oeren deis soarch oanbean wurdt. Yn augustus wurdt it earste Doarpshiem yn Stiens iepene.

Trefwurden: 
Stiens soarch Idesta
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)