It Hearrenfean sûnder stroom

29 apr 2014 - 11:14

Sa'n fyftich oanslutingen op yndustryterrein IBF op It Hearrenfean ha tiisdeitemoarn in oere sûnder stroom sitten. By graafwurk waard in kabel yn it gebiet stikken lutsen. Neffens netwurkbehearder Liander gie it om in middenspanningskabel en wie it probleem gau te ferhelpen troch stroom fia oare kabels oan te fieren. De stikkene kabel wurdt noch makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)