Westra: Romandië wurdt dreech

29 apr 2014 - 10:52

Lieuwe Westra begjint tiisdei net al te fris oan de Ronde fan Romandië. De hurdfytser fan De Tynje hat noch bot lêst fan syn falpartij fan ôfrûne woansdei yn de Waalse Pijl. Doe sloech er mei sa'n 70 kilometer yn de oere oer de kop. Mei in protte skaafplakken oan 'e skonken en de klean fan 'e hûd kaam er wol oer de einstreek. Letter kamen der hechtingen yn earmtakke en knibbel. Ofrûne snein yn Luik-Bastenaken-Luik gong it stroef. De Ronde fan Romandië begjint mei in prolooch fan krapoan 6 km. Dêrnei folgje fiif etappes.

De lêste etappe is in tiidrit oer 18,5 km. Yn de prolooch en de tiidrit kin Westra, de Nederlânsk kampioen tiidriden, syn nije tiidritfyts brûke.

Trefwurden: 
hurdfytsen Lieuwe Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)