Ynbrekker betrape yn Ljouwert

29 apr 2014 - 10:51

In nachtwaker hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in 43-jierrige man betrape doe't dy besocht yn te brekken yn in gebou oan Achter de Hoven yn Ljouwert. De nachtwaker seach dat de man oan de doarren fan it gebou stie te lûken, hy wie nei alle gedachten troch in gat yn it stek op it terrein kommen.

De man is troch de nachtwaker oanhâlden en oerdroegen oan de plysje. Hy hie ferskillende ynbekkers-attributen by him. Dit ark is yn beslach nommen en de man is ynsletten foar ferhoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)