Ljouwert op besite yn Sina

In ympresje fan it fakânsjedoarp
In delegaasje fan de gemeente Ljouwert bringt op dit stuit in besite oan Sina. De delegaasje stiet ûnder lieding fan wethâlder Isabelle Diks, ek keunstner Claudy Jongstra en arsjitekt Hans Achterbosch binne mei.
De delegaasje bringt ûnder oare in besite oan it fakânsjepark dat Achterbosch foar Sina ûntwurpen hat, Claudy Jongstra betocht dêr keunstwurken foar. Tiisdei is by dat park it heechste punt berikt. By de fiering dêrfan wie ek in tal Sineeske bestjoerders.