Park Vijversburg op 'e skeppe

29 apr 2014 - 07:36
  • It wurk oan Park Vijversburg
  • It wurk oan Park Vijversburg

Der wurdt op dit stuit mei man en macht wurke oan de útwreiding fan park Vijversburg by Tytsjerk. It park wurdt mei tritich hektare twa kear sa grut. De plannen binne fan 2012, mar it is no ek echt sichtber dat der wurke wurdt. De totale kosten fan de útwreiding binne sa'n seis miljoen euro. Ein 2014 moat it projekt klear wêze.

De ambysje fan de behearende stichting is heech, sa moat Vijversburg it moaiste kultuer- en natoerpark fan Nederlân wurde. Om dat te realisearjen binne ferneamde (lânskips)arsjitekten en keunstners oanlutsen.

De besteande filla yn it park wurdt ek opknapt en der komt in paviljoen. Dêrfoar wurdt tiisdeitemiddei de earste peal slein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)