Snits hat stedsherberch werom

28 apr 2014 - 19:04

Nei jierren fan leechstân is de Stadsherberg Sneek wer iepen. De susters Feenstra hawwe it eardere Hotel Ozinga omboud ta in sfearfol stedshotel dêr't neffens stedsdichter Henk van der Veer de sfear fan Moeke Jikke noch altyd te finen is. De legindaryske Snitser stedsfiguer komt werom op in skilderij yn it kafee en yn in gedicht fan Van de Veer.

By de net-offisjele iepening krigen de nije útbaters it gedicht moandei yn in list kado. It sil in prominint plak yn de herberch krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)