Mear skiep op Flylân as tocht

Flylân is tweintich Soayskiep riker as de bedoeling wie. Der rûnen al sechstich fan de soart om op in twahûndert bunder grut terrein op it eilân. Sy moatte foarkomme dat beammen, struken en gers de oerhân krije. Omdat der gjin raam by rint en der dochs ekstra skiep nedich wiene, hie Steatsboskbehear fjirtich skiep fan It Amelân helle en nei Flylân ta brocht. Dy soene net drachtich wêze, mar dat foel ôf, want der binne al tweintich lamen by kaam.
De ekstra skiep foarmje foarearst gjin probleem, seit Anke Bruin fan Steatsboskbehear.