Peallen ferfongen troch kamera

28 apr 2014 - 14:52

Op it Ruterskertier yn Ljouwert is begûn mei it fuortheljen fan de beweechbere buspeallen. De gemeente Ljouwert ferfangt de peallen troch kamera's. It wurk duorret twa wike.

De peal giet omdel as der in bus of helptsjinsten delkomme en dêrnei wer omheech. De ôfrûne jierren hawwe der in soad ûngelokken west. Auto's dy't noch efkes gau achter de bus oan rieden, waarden 'spytst' troch de út de grûn omheechkommende peal. Wa't no foar skouboarch De Harmonie del rydt, wurdt registrearre troch kamera's en krijt in boete thús.

Trefwurden: 
ruterskertier peallen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)