De Jong no echt haadtrainer

28 apr 2014 - 14:34

Henk de Jong is it kommend seizoen de haadtrainer fan Cambuur. Dat hawwe de klup en de trainer yn in kontrakt fêstlein. Mocht Cambuur deryn slagje om yn de earedivyzje te bliuwen, dan wurdt it kontrakt automatysk mei noch in jier ferlingd.

Henk de Jong is op dit stuit al ynterim-trainer, neidat Dwight Lodeweges begjin dizze moanne opstapte. De Jong heart op 12 maaie oft er syn haadtrainersdiploma helle hat, mar hysels en Cambuur gean derfan út dat dat wol slagget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)