Blog: Aaltje en Barbara op 'e fyts
Aaltje van der Iest en har coach Barbara de Loor ha tegearre te fytsen west. Aaltje krijt alle wiken ferkearsles sadat se harsels rêde kin yn it ferkear. Nei it fytstochtsje stutsen de froulju oan by Atelier Plateel, dêr't Aaltje in pear dagen yn 'e wike oan it wurk is. En dêr binne se fuortendaliks oan it wurk set.