Mear toeristen yn Fryslân

28 apr 2014 - 11:54
  • De famylje Krol stiet mei de kampearwein op kemping It Wiid yn Earnewâld

It tal toeristen leit dizze maaiefakânsje heger as ferline jier. Dy yndruk hawwe de organisaasjes Beleef Friesland en Recron. In jier ferlyn wiene der minder boekings, omdat it doe in stik kâlder wie. No binne de temperaturen heger en dat betsjut dat der mear drokte is. Sifers oer de ekstra tarin yn dizze maaiefakânsje binne net bekend, omdat de boekings net byhâlden wurde.

De Hiswa lit ek witte dat der no al folle mear boaten ferhierd binne yn fergelyk mei it foarseizoen fan 2013.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)