Nij kontrakt Sjoerd de Vries

28 apr 2014 - 10:53

Reedrider Sjoerd de Vries fan Twellingea komt fan takom seizoen ôf út foar it team fan Corendon. Dat hat de ploech fan haadcoach Jan van Veen moandeitemoarn bekend makke. De Vries hat in kontrakt tekene foar twa seizoenen. Hy komt no út foar Beslist.nl.

De 25-jierrige reedrider hat der nocht oan: "Ik sjoch foaral út om opnij te wurkjen mei Jan. Under him waard ik wrâldkampioen by de junioaren yn Innsbruck. Myn bêste seizoenen lizze noch foar my en ik tink dat in nije ploech dêrby de bêste kar is."

By syn nije team sil De Vries him, neist de 1000 meter, mear rjochtsje op de 1500 meter. Yn 2011 behelle hy mei in twadde plak op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriid yn Thialf syn bêste prestaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)