Ynbrekker trappearre yn Snits

28 apr 2014 - 10:34

Mei help fan in tsjûge hat de plysje yn Snits yn de nacht fan snein op moandei in ynbrekker op 'e die trappearre. Dy seach dat de ynbrekker in hûs oan de Albardastins yn gie en belle de plysje. Dy fûn de 32-jierrige ynbrekker út Snits yn de wente.

De fertochte is foar ûndersyk meinaam nei it plysjeburo. Syn ynbrekkersark is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)