Undersyk nei fiskmigraasje

28 apr 2014 - 06:55

Der wurdt op it stuit ûndersyk dien nei hoe't in fiskmigraasjerivier troch de Ofslútdyk it bêste makke wurde kin. By Koarnwertersân wurdt oant healwei maaie ûndersyk dien. Fiskers en wittenskippers binne dêrby belutsen.

Moandei wurde op de Waadsee tsien fûken leechhelle om te sjen hokker fisksoarten en hoefolle fisk oft dêryn sit. Dy fisken soene yn 'e takomst gebrûk fan sa'n rivier meitsje kinne. Der is hast neat bekend oer fiskmigraasje. De ûndersiken dy't no yn Fryslân dien wurde, binne unyk yn 'e wrâld.

De fûken wurde dizze wiken trije kear yn 'e wike leechhelle. Alle fisk wurde teld en registreard en oanslutend wer yn see weromsmiten. In stikmannich seeprikken krigen in stjoerderke mei, sadat de ûndersikers de kommende tiid folgje kinne wêr't de fisken hinnegeane. It tel- en registraasjewurk wurdt foar it grutste part útfierd troch de bruorren Marinus en Tjerk van Malsen fan de Wûnseradiel 1. De manlju binne bliid mei dizze opdracht, want mei de fiskerij sels falt de lêste tiid net folle te fertsjinjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)