Fersetsmonuminten opkreaze

27 apr 2014 - 18:08

De fersetsmonuminten yn de binnenstêd fan Ljouwert binne opkreaze. De monuminten hiene gjin útstrieling mear en wiene net mear goed lêsber. Maurice Wielinga hat yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert de ôfrûne twa jier oerlis hân oer in nije opset.

De nije monuminten binne no yn twa talen te lêzen. De monuminten binne fierder foarsjoen fan in foto en in gedicht fan Wielinga. Ek is der in brosjuere makke. Sa kinne belangstellenden fan alles te witten komme oer it ferset yn Ljouwert yn de Twadde Wrâldoarloch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)