Jannick de Jong wint Schwarme

27 apr 2014 - 17:39

Jannick de Jong hat snein de ynternasjonale gersbaanwedstriid yn Schwarme wûn. Dirk Fabriek waard twadde. De omstannichheden yn Dútslân wiene dreech. De klaaibaan lei der troch it reinwetter striemin by. Nei de searjes kaam der wer wetter en waard de finale net mear riden. De Jong wûn syn trije searjes, Fabriek wûn twa fan 'e trije. Matthias Kröger wie de tredde man op it poadium. De bruorren Woortman, Raymon en Jeffrey, waarden fjirde en fiifde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)