Jonge fytsedieven yn Drylts

© ANP
De plysje hat sneontejûn op de Súdwesthoekewei yn Drylts fjouwer ynwenners fan Wageningen en in 14-jierrige ynwenner fan Renkum oppakt omdat se fytsen stellen hiene. Twa fertochten binne 14 jier, de oare trije 15.
In man fan 45 út Aldegea, Súdwest-Fryslân, ûntduts dat der twa fytsen by syn wenning stellen wiene. Hy gie op ûndersyk út yn syn auto en seach de fertochten yn Drylts op syn fytsen. De man belle de plysje.
De plysje naam it groepke mei nei it buro. De fiif fertochten hiene mei elkoar fjouwer fytsen by harren. De plysje siket noch út hoe't se oan de oare twa fytsen kaam binne.