Dronken farre op Dokkumer Ie

27 apr 2014 - 14:37
  • Drank

In 21-jierrige Ljouwerter hat sneontemiddei in boete fan 700 euro krigen, om't er mei drank op oan it farren wie. Dat wie op de Dokkumer Ie by Ljouwert.

Ferskate minsken hiene klage oer it fargedrach fan de man. Doe't de plysje him oanspruts waard dúdlik dat de man alkohol hân hie.

Hy moast mei nei it buro foar in blaastest. De Ljouwerter krige neist de boete in proses-ferbaal en in farferbod fan fiif oeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)