Medisinale krûden foar kij

27 apr 2014 - 14:20
  • Kij yn 'e greide

Kij weidzje litte yn gerslân mei krûden kin helpe by it werombringen fan antibioatika yn de feehâlderij. Boeren en feedokters dy't op stúdzjereis west ha nei Yndia bin der fan oertsjûge rekke dat planten goed helpe kinne by de bestriding fan bistesykten.

Yn India wurdt in soad antibioatika brûkt. Om dat werom te bringen wurde krûdemingsels brûkt. Dat jout de kij mear wjerstân. Boer Miedema fan Haskerdiken wie ek mei op stúdzjereis nei Yndia. Hy wol op syn feehâlderij no in proef dwaan mei it brûken fan krûdemingsels.

Mei trije groepen kij wol hy sjen oft de krûden út syn eigen greide ek dat effekt jaan kinne. Takommend hjerst bringt de direkteur fan de Yndiaaske molkkoöperaasje in besite oan Fryslân, om te sjen hoe't hjir omgien wurdt mei antibioatika-kontrôles.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)