Jongeman bekûgele mei fytsen

Plysjeauto © ANP
In 24-jierrige man út Drachten hat sneontejûn fytsen nei de holle ta smiten krige troch twa plakgenoaten. It slachtoffer seach dat it duo by it busstasjon oan de Drift fytsen fernielde. Doe't hy der wat fan sei, smieten de fertochten fytsen nei him ta.
It slachtoffer woe in foto meitsje fan de twa, mar se sloegen syn mobyl út de hannen. Ek krige er noch klappen fan de fertochten. De plysje hat de twa oppakt. It giet om in man fan 44 jier út Drachten en in frou fan 54 jier út itselde plak. It slachtoffer hat oanjefte dien.