Tefreden oer earste Keningsdei

Keningsdei yn Fryslân is oer it algemien rêstich ferrûn. Hjir en dêr wiene wol insidinten, mar yn ferhâlding wie dat net oars as op oare sneontejûnen, sa stelt de plysje.
Neffens wurdfierder Wouter de Vries is soks ek net foar te kommen as der grutte kloften minsken op strjitte binne. De plysje fynt dat alles goed, noflik en gaadlik gien is en sjocht posityf werom op de earste Keningsdei.
De gemeente Ljouwert sjocht ek posityf werom op de earste Keningsdei. Oer de hiele dei hinne hawwe tsientûzenen minsken in besite brocht oan de haadstêd. De frijmerk kaam wat letter op gong, mar dat waard jûns wer goed makke. It muzykspektakel by de Aldehou luts allinnich al hast tsientûzen besikers.