Friezen mishannele yn Grins

© ANP XTRA
Twa manlju fan 23 en 25 jier út Dokkum en Bûtenpost binne sneontenacht yn de binnenstêd fan Grins yn elkoar slein. De twa rûnen oer de Steentilstrjitte doe't se klappen krigen fan twa manlju dy't yn in auto sieten.
De beide fertochten koene eefkes letter oanholden wurde. It giet om twa manlju út Grins fan 25 en 26 jier. De beide slachtoffers moasten nei it sikehûs. De plysje ûndersiket de oanlieding fan de mishanneling. De Friezen hawwe oanjefte dien.