Tiemensma winner Frysk damjen

Foeke Tiemensma hat sneon yn syn eigen wenplak Frjentsjer it grutmastertoernoai Frysk damjen wûn. Hy wûn al syn partijen. Jelle Wiersma fan Wommels waard twadde en Frysk kampioen Taeke Kooistra fan Hartwert tredde. Yn de ynternasjonale groep wûn Hans Jansen fan Amsterdam. Regearend wrâldkampioen Aleksandr Georgiev út Ruslân waard twadde.
It wie foar it earst dat de Rus de Fryske fariant spile. Hy en sân oaren besykje har it Frysk damjen eigen te meitsjen. Yn 2018 wol de organisaasje in offisjeel wrâldkampioenskip Frysk damjen hâlde.