Fryslân posityfst oer kening

26 apr 2014 - 16:05

89 persint fan de Friezen fynt dat Willem-Alexander in goeie kening is. Sa docht bliken út in enkête fan EenVandaag yn gearwurking mei Omrop Fryslân. Friezen binne dêrmei yn Nederlân it meast te sprekken oer Willem-Alexander.

Neffens 33 persint fan de Friezen docht kening Willem-Alexander it better as syn mem Beatrix, doe't sy keninginne wie. 52 persint seit dat se it likegoed dogge.

Ut it ûndersyk komt ek nei foaren dat Fryslân mear wearde hechtet oan it defilee as oare provinsjes. In fyfde fan de Friezen fynt dat it defilee past by de Keningsdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)