Iepen dei bijestâl De Potmarge

It liket wer wat better te gean mei de bij. De lêste jierren gie it hieltyd minder troch sykte en ek it brûken fan gif wurket net yn it foardiel fan de bij.
Dochs liket it der no op dat de folken de winter goed trochkaam binne. Troch it sêfte waar binne der in soad jonge bijen bykaam.
Sneon wie der by Bijestâl de Potmarge yn Ljouwert in iepen dei. Belangstellenden koene dêr ynformaasje krije oer it fak ymker. De lêste jierren nimt de belangstelling foar dat fak wer ta.